Alderling foar gemeente op paad

© Omrop Fryslân
Alderlingen fan tsjerken moatte net allinnich it wurd fan God ferkundigje. Se kinne like goed, at se toch by minsken op húsbesite binne, fertelle oer de gemeentlike regelingen dy't der binne foar de minima.
Dat sei wethâlder Ekhardt fan Snits tongersdeitejûn op in byienkomst fan de wurkgroep Arme Kant Friesland yn Ljouwert. Ekhardt moat noch mei de tsjerken om tafel om te praten oer de útfiering fan it plan.