Diskoteek dochs út sintrum wei?

26 jan 2006 - 17:36
Foto: Omrop Fryslân

De ferpleatsing fan diskoteek Ponderosa út it sintrum fan Dokkum wei is noch net fan de baan. Dat sizze boargemaster en wethâlders fan Dongeradiel yn antwurd op fragen fan de FNP.

De FNP miende dat der gjin ferhûzing mear komme koe, omdat in tariedingsbeslút dêrfoar nei in jier ferrûn wie. Dat beslút moast de ferhúzing nei in carpoolplak oan de súdkant fan Dokkum mooglik meitsje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)