Gjin nijs yn Bonnema-brief

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter VVD-riedslid Wyb Feddema seit neat te kinnen mei de Bonnema-brief dy't oan it geheime legaat fêst sit. Dy brief leit op besjen op it stedhûs om't de gemeenterie takom' moandei in beslút nimt oer de nijbouplannen op it Saailân.
De brief soe folstean mei in soad wurden dy't inkeld meidiele wat al bekend is, nammentlik dat Bonnema wol dat it museum oan it Saailân komt.