Soargen oer finânsjes Empatec

26 jan 2006 - 13:19

In part fan de gemeenteried yn Harns makket him soargen oer de finansjele situaasje by sosjale wurkfoarsjenning Empatec. Dat die juster bliken by in gearkomst fan de gemeenteried yn Harns.

It positive saldo fan Empatec is yn in pear jier werom rûn fan 2,5 miljoen euro nei in ton. Neffens wethâlder Waaijer komt dat omdat it ryk hieltyd minder subsydzje jout. De gemeente sil besjen of it mear taken oan Empatec útbesteegje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)