Drachtster klip op nûmer ien

26 jan 2006 - 10:09

De klip fan Beand Baas en Smarige Skep stiet takom wike op nûmer ien yn de top-10 fan meast oanfrege fideo's fan Nederlân. De Drachtster rappers binne mei harren Fryske 'slang' in wiere hype. Berend Visser (19) en Klaas Jansma (18) sitte achter de protestrap.

It nûmer 'Wacht op foarútgong' is in protest tsjin it kultuerbelied fan de gemeente Smellingerlân. Dy hat offisjeel noch net reageard. Platebazen sjogge lykwols wol brea yn de sjongers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)