Walfiskbyld net werom yn see

© Omrop Fryslân
It byld fan de walfisk dat fan 1993 oant 2001 foar de pier fan Holwert yn de Waadsee stie, komt net op dat plak werom. It keunstwurk fan Anne Woudwijk waard yn 2001 oanfearn troch in fearboat en hat dêrnei yn Harns lein.
It byld komt werom by Holwert, mar dan op de pier. Neffens Woudwijk is dat ek in better plak. Hy fyn it byld efterôf sels te lyts om yn see te stean. Wannear't it byld pleatst wurdt, is noch net hielendal dúdlik.