Stimwizers yn Snits en It Fean

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Snits en Hearrenfean kinne foar de gemeenteriedsferkiezings yn maart de help ynroppe fan in stimwizer. Dy steane begjin febrewaris op de websiden fan de gemeenten.
De stimwizer fan de Hearrenfean is makke troch learlingen fan it Friesland College en slút net oan by it lanlike projekt Stemwijzer.nl. De gemeente Snits is de iennichste Fryske gemeente dy't wol in webside hat dy't makke is mei help fan de software fan Stemwijzer.