Topferkeap cd Fryske Top 100

25 jan 2006 - 12:04

It giet bûten ferwachting goed mei de ferkeap fan de cd fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. Yn trije wiken tiid binne der goed 1800 fan dy cd's ferkocht. Dêrmei stiet it album op nûmmer 18 yn de list fan meast ferkochte cd's fan de Music Store.

Troch it sukses yn Fryslân wol de Free Rekord Shop de cd no ek yn winkels bûten Fryslân ferkeapje. Op de cd stiet in seleksje fan de Fryske Top 100 dy't Omrop Fryslân op Aldjiersdei útstjoerde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)