Apparteminten yn âlde pleats

© Omrop Fryslân
Soarchorganisaasje Talant lit yn Stiens in pleats ferbouwe om der 13 minsken mei in ferstanlike beheining yn ûnder te bringen. Der komme tolve apparteminten yn de pleats, dy't safolle mooglik yn âlde steat hâlden wurdt. Alle apparteminten krije in eigen keuken, badkeamer en sliepkeamer.
De wenten op de ferdjipping krije doarren dy't útklapt wurde kinne en sa in balkon foarmje. Jannewaris 2007 kinne de takomstige bewenners deryn.