Jan Werle is skaakgrutmaster

25 jan 2006 - 10:57

Fryslân hat foar it earst yn 'e skiednis in skaakgrutmaster. It giet om Jan Werle(22) fan Beetstersweach. Werle wûn tiisdei mei swart syn partij yn 'e C-groep fan it Corus-skaaktoernoai. Werle kaam dêrmei op 6,5 punten en dat wie syn tredde grutmasterrisseltaat.

Werle wurdt al jierren as ien fan 'e grutste skaaktalinten fan Fryslân sjoen. De lêste jierren wie hy mei Sipke Ernst en Yge Visser yn 'e race foar de earste Fryske grutmastertitel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)