Fergese popkonserten yn Harmonie

© Omrop Fryslân
Under de namme 'Freesonica meets 100 % puur' organisearret De Harmonie dizze wike trije fergese popkonserten. Eltse jûn stiet in muzikaal treffen op it programma tusken in Fryske en in Flaamske band. De fergese konserten fine plak yn it ramt fan de Flaamske wike en binne de jûns om 21.45 oere. Op tiisdeiteûn spylje de bands Believeisadoubt (Fryslân) en Attica út Flaanderen. Op woansdei trede Multigrade Motoroil en The Killbots op.