Opnij aksje tsjin kenniskampus

© Omrop Fryslân
Der sil opnij aksje fiert wurde tsjin de nije Kenniskampus oan de Rengesleane yn Ljouwert. De feriening Leefber Rengerspark hat moandei en tiisdei goed 3500 enketeformulieren ferspraat yn de wenwiken om it park hinne. Mei de enkete wol de feriening de gemeenteried ûnder druk sette om de plannen oan te passen.
De feriening is it der net mei iens dat foar de plannen fan de HBO-ynstellings in part fan it grien opoffere wurdt.