Lot museum yn hannen PvdA

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter PvdA hat it lot fan de plannen foar in fernijde Saailân yn hannen. Op dit stuit is der noch gjin mearderheid foar de plannen. Allinnich it CDA en D66 binne foar.
De PvdA hat tsien sitten yn de ried en soe it foarstel oan in mearderheid helpe kinne. PvdA-wethâlder Waanders tinkt dat sy har partij oertsjûge hat en ferwachtet in foarstim. D66 lûkt syn stipe werom as de befolking yn in referindum net akkoart giet.