Ynternetboekings op It Amelân?

24 jan 2006 - 15:46

TNO ûndersiket de mooglikheden fan in folslein digitaal boekingssysteem op It Amelân. Toeristen kinne dêrmei op ynternet in húske, in campingplak of in hotelkeamer boeke. No stiet noch mar beheind op ynternet wat frij is.

Probleem is dat alle ynformaasje op papier oanlevere wurde moat en dat fine in soad bedriuwen tefolle wurk. De TNO-ûndersikers binne moandei oankommen op it eilân. Freed wurdt de útslach ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)