Bettere foarsjennings Langwar

© Omrop Fryslân
Foarsjennings foar wetterrekreanten yn de gemeente Skarsterlân wurde de kommende twa jier foar 3,5 miljoen euro opknapt. De gemeente hat dêroer oerienstimming berikt mei de provinsje.
Langwar wurdt oantrekliker makke as wettersportdoarp en de Langwarder Wielen krije in djipte fan twa meter. Fierders wurdt it strân by Reahel fernijd. Neist in plak foar swimmers wurdt der in apart stik ynrjochte foar surfers.