Nije partij yn Dongeradiel

24 jan 2006 - 10:50

Yn Dongeradiel is in nije partij oprjochte foar de kommende gemeenteriedsferkiezings. De namme fan de partij is 'Zeven'.

Punt fan omtinken is ferleging fan de lesten foar de ynwenners fan 'e gemeente. De partij is fierders tsjin de bebouwing fan de Merk yn Dokkum. Ek wolle se net meibetelje oan de Sintrale As en fergees parkearen yn Dokkum. Der stean seis minsken op list Zeven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)