Jonge slim ferwûne by oanriding

24 jan 2006 - 09:39

In jonge fan 16 út Burgum is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. De jonge woe mei de brommer de Kloosterlaan oerstekke. Hy seach lykwols in auto oer de holle en in oaniding wie it gefolch.

Nei de oanriding is de jonge mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Hy hat brutsen ribben, in ferbrizele skonk en in skuorke yn de skedel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)