Benzinedieven oanhâlden
In 27-jierrige en in 33-jierrige ynwenner fan Grins binne snein oanhâlden foar tanken sûnder te beteljen. De manlju rieden yn in stellen auto op de sneldyk by It Hearrenfean.
Koart dêrfoar wiene se sûnder te beteljen fuortriden by in pompstasjon yn de Flevopolder. De manlju binne oerbrocht nei it buro. De auto is yn beslach nommen.