Tún Slotpleats opknapt

24 jan 2006 - 09:25

De tún fan it teehûs de Slotpleats yn Bakkefean wurdt de kommende moannen oanpakt. Natoermonuminten sil de tún foar goed twa ton opknappe.

Mei it wurk moat de tún wer yn âlde steat werombrocht wurde. Dêrta wurde de grêften skjinmakke, beammen kapt en nije appelbeammen plante. Ek komt der in parkearplak mei romte foar fjirtich auto's. Yn april moat de opknapbeurt klear wêze. Dêrnei wurdt begûn mei de achtertún fan de Slotpleats.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)