60 jier lid fan PvdA

24 jan 2006 - 09:23

Herre Kampen fan Burgum fierde moandei in bysûnder lustrum. Hy is al sechtich jier lid fan deselde politike partij. Yn 1946 skreau er him yn by de PvdA, en dêrmei is Kampen like lang lid as syn partij bestiet. Yn febrewaris fiert de PvdA har sechtichjierrich bestean.

De tachtiger mocht moandei de kandidatelisten fan de PvdA foar de riedsferkiezings nei it gemeentehûs ta bringe. Kampen stiet sels ek op de list foar Tytsjerksteradiel, as listtriuwer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)