Dochs wer socht nei fermiste

© Omrop Fryslân
By Boarnsweach is moandeitemiddei dochs fierder socht nei de fermiste Remco Wouda fan de Lemmer. Dat is dien troch te dreggen. Fanwege de dikte fan it iis binne moandei gjin dûkers ynsetten. De brânwacht helpt ek by de nije sykaksje.
Wouda ferdwûn fjirtjin dagen lyn by kamping Scharsterrijn by Boarnsweach. Mooglik is er yn it wetter fallen. Sneon sloegen spesjaal treende hûnen oan by in bepaald plak yn it wetter.