Frysk prate mei
Friezen meie gewoan Frysk op strjitte prate. Se hoege net oer te skeakeljen op it Nederlânsk. Dat seit in wurdfierder fan minister Verdonk.
De minister sei dit wykein dat se wol wat sjocht yn de Rotterdamse gedrachskoade. Neffens dy regels mei op strjitte allinnich noch mar Nederlânsk praat wurde. Neffens de wurdfierder bedoelt de minister net dat elkenien yn alle gefallen Nederlânsk prate moat. Friezen meie har eigen Rykstaal prate.