Earste Nederlânske sms-bibel

© Omrop Fryslân
Ynkoarten ferskynt by útjouwerij Jongbloed fan It Hearrenfean de earste Nederlânsktalige sms-bibel. Foar guon minsken is de sms-taal, mei har ôfkoartings en de lêstekens mei ekstra betsjutting, mar dreech te begripen.
Foar jongeren is de taal oan de oarder fan de dei. Jongbloed sjocht in gat yn de merk en rjocht har benammen op de jeugd út de evangelyske hoeke. De sms-bibel bestiet út fersen út alle bibelboeken, en net de hiele bibel.