Sluting droegerij Harich driget

23 jan 2006 - 11:06

Der driget in sluting fan de gersdroegerij yn Harich. De droegerij freget de leden, de boeren, yn in enkête oft se ree binne om tenei 35% mear gers droegje te litten. Allinnich dan kin de koöperative gersdroegerij yn Súdwest-Fryslân bestean bliuwe.

De finansjele problemen by de korporaasje binne ûntstien trochdat de subsydzjes foar it gersdroegjen feroare binne. Dêrtroch krijt de droegerij minder jild út Brussel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)