Dronken man jout plysje klap

23 jan 2006 - 10:30

In dronken, lestige kafeebesiker út Ljouwert hat sneontejûn in plysje in klap yn it gesicht jûn. De lestige man wie doe al op it buro. De plysje hie him meinommen út in kafee oan it Auckamastrjitsje.

In meiwurker hie besocht de man út it kafee te setten om't er te folle dronken hie en agressyf waard nei oare klanten ta. Om't dat net slagge kaam de plysje derby. Dy moasten de man ûnder twang meinimme, om't er him fersette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)