Fjochtpartij op It Hearrenfean

23 jan 2006 - 09:49

De plysje hat yn de nacht nei snein trije manlju út inoar helle. Se wiene mei inoar oan it fjochtsjen op it Kupersplein op It Hearrenfean. In omstanner helle de plysje derby. Ien fan de manlju hie in izeren staaf.

De plysje hat de manlju nei in wrakseling oanhâlde kinnen en meinommen nei it plysjeburo. It gie om twa manlju út Wolvegea fan 25 en 18 jier, en ien man fan 20 fan It Hearrenfean. De 25-jierrige moast nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)