Lenie 't Hart lulk op fiskers

© Omrop Fryslân
Lenie 't Hart fan de seehûnekres yn Pieterburen tsjinnet moandei by it ministearje in klacht yn tsjin sport- en beropsfiskers út Noard- en Súdhollân. Neffens 't Hart binne de ôfrûne wike in tal seehûnen ferdronken yn de netten fan de fiskers.
Troch de streaming spielden de bisten nei it Noarden. Trije deade seehûnen waarden fûn oan de Fryske kust, in fjirde spielde oan op it strân fan Monster.