Jonge oanhâlden foar mislediging

22 jan 2006 - 17:00

De plysje hat sneintemoarn betiid in 16-jierrige Hearrenfeanster oanhâlden om't er de plysje misledige. De jonge hearde by in groepke dy't op de Gedempte Molenwijk flak foar in plysje-auto de dyk oerstuts.

De 16-jierrige stuts dêrby syn middelfinger omheech nei de plysje. Dy stapte út en spruts de jonge oan op syn gedrach. Dêrop draaide de jonge him om en liet, oant twa kear ta, syn broek sakje. De jonge is nei it buro brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)