Ynslûping yn wenning Donkerbroek

22 jan 2006 - 16:13

In ûnbekende man is sneontemiddei de wenning fan in 78-jierrige ynwenster fan Donkerbroek ynslûpt en hat har bestellen fan har beurs. Hy kaam fia de achterdoar binnen. De bewenster siet yn de wenning en de man frege oft er even wat opsykje mocht yn it telefoanboek.

Dêrnei kamen ek noch in twadde en in tredde man binnen. Hjirnei gongen de manlju wer fuort. Se riden fuort yn in auto. De bewenster hat oanjefte dien fan it stellen fan har beurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)