Syktocht giet moandei fierder

© Omrop Fryslân
De syktocht nei de fermiste Remco Wouda giet moandei fierder. Sneon ha trije spesjaal trainde hûnen nei de 28-jierrige Lemster socht yn it wetter by in kamping yn Boarnsweach.
De hûnen kinne stoflike omskotten rûke dy't ûnder wetter lizze. Oan de ein fan de middei sloegen de hûnen op itselde plak oan. It wie lykwols te tsjuster om noch yn it wetter te sykjen. Dat sil no moandei dien wurde. Remco Wouda is oardel wike lyn foar it lêst sjoen.