Kontrôle yn Weststellingwerf

22 jan 2006 - 14:41

De plysje hat sneon 14 bekeurings útskreaun by in ferkearskontrôle yn de gemeente Weststellingwerf. De kontrôle duorre fan 9 oere moarns oant 2 oere middeis.

Der binne fjouwer boetes útskreaun foar te hurd riden, twa foar ferkearde kentekenplaten op in oanhinger, ien foar it net sjen litten fan it rydbewiis, ien foar it net-dragen fan de gurdel en ien foar it net-dragen fan in helm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)