Trije bonnen foar brommerrider

22 jan 2006 - 14:40

In brommerrider út Easterwâlde koe sneontejûn nei in petear mei de plysje syn wei rinnend ferfolgje, mei trije bekeurings yn 'e bûse.

De 16-jierrige bromfytser waard oanhâlden op de Venekoterwei. Hy ried te hurd, op in dyk dêr't gjin brommers ride meie. Dêrby wie de bromfyts net fersekere en hie de jonge gjin bromfytssertifikaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)