Harkemase Boys set goed út ein

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys is de winterstop goed útkaam. Yn de earste wedstriid yn de haadklasse fuotbal fan dit jier wûnen de Boys fan Be Quick '28 mei 3-2. De Harekieten steane no twadde. Boppe-oan stiet ONS Snits, dat sneon net spile.
Drachtster Boys ferlear yn Hardenberg kânsleas fan HHC. Mei it skoft wie it al 2-0 foar HHC. Nei 90 minuten stie der 6-0 op it skoareboard. Drachtster Boys stiet ien nei lêste.