Earste audysjes foar musical
De earste audysjerondes foar Verborgen Legende binne dit wykein hâlden yn Bûtenpost. Verborgen Legende is in muical fan Durk Bruinsma oer de Azteken.
Bruinsma en syn kreative ploech sykje mei inoar sa'n 40 figuranten en sjongers en tsien solisten foar de musical. Dielnimmers moatte fansels goed toanielspylje kinne, mar ek dûnsje en sjonge. De premjêre is yn july. Sjoch ek op www.verborgenlegende.nl.