P. Jelles wint hoarekawedstriid

© Omrop Fryslân
Trije learlingen fan skoallemienskip Piter Jelles út Ljouwert ha sneon de earste Noardlike Hoareka VMBO-fakwedstriid wûn. De wedstriid waard hâlden op It Amelân, mei as doel sjen te litten hoe leuk it wurkjen yn de hoareka is.
De trije learlingen moasten sels in fjouwer gonge-menu klearmeitsje, dat optsjinje, de menukaart meitsje en ek de tafel oanklaaie. OSG Singelland út Drachten wûn de twadde priis.