Treinen net geskikt foar perrons

22 jan 2006 - 12:25

De nije treinen fan Arriva slute net oan op de hichtes fan de perrons yn Fryslân en Grinslân. Op ien tredde part fan de stasjons binne de perrons fyftjin sentimeter te leech.

Dat komt omdat spoarbehearder ProRail ferkearde perronhichtes oan Arriva opjûn hat. Op basis fan dy gegevens hat Arriva de treinstellen meitsje litten. ProRail sil de perronhichtes oanpasse. Arriva sil de kommende 15 jier it treinferfier yn it Noarden fersoargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)