Aksje tsjin peallen Frjentsjer

22 jan 2006 - 12:00

De peallen yn it sintrum fan Frjentsjer moatte fuort, fynt in tal ynwenners fan de stêd. Oan de peallen op it sintrale plein wurdt fiif kear yn it jier in tintdoek befêstige foar eveneminten.

De aksjegroep fynt de peallen in oanfluiting foar it oansjen fan it sintrum. Mei in hantekenaksje wol se berikke dat de peallen fuorthelle wurde. De groep hat al in pear hûndert hantekens ynsammele, dy't se it gemeentebestjoer oanbiede sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)