Goed begjin Bos en Timmer op WK

© Omrop Fryslân
By it WK sprint yn Thialf hat Dimitri Dorofejev de 500 meter wûn. De Rus die dat yn 35,11. Bêste Nederlanner wie Jan Bos. Hy waard tredde yn 35,23. Gerard van Velde waard njoggende yn 35,56. Beorn Nijenhuis sette 35,75 del, Stefan Groothuis 36,26. Favoryt Wotherspoon glide út by de start en joech fuort op.
By de froulju waard Marianne Timmer knap fyfde, yn 38,59. Van der Star wie 14e, Gerritsen 15e en Wijsman 20e.