Museum Dokkum ferbûn mei tsjerke

21 jan 2006 - 16:00

B en W fan Dongeradiel hat gjin beswier tsjin de oanlis fan in ferbining tusken it Admiraliteitshûs en it neistlizzende tsjerkje. It museum hat it tsjerkje kocht om dêr út te wreidzjen. Om besikers droech fan it iene nei it oare gebou rinne te litten, komt der in ferbining.

De steech dêr't de ferbining yn komt kin jûns noch gewoan brûkt wurde. Oft de gemeenterie ek akkoart giet, wurdt begjin ferbrewaris dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)