Efterfolging op A-7

© Omrop Fryslân
De plysje en pomphâlder Tolman fan Beetstersweach ha tongersdeitenacht nei in efterfolging trije Ljouwerter jonges oanhâlden. De trije hiene ynbrutsen by it pompstasjon fan Tolman. De pomphâlder hearde it alarm en gie der fuortendaliks sels achteroan.
Doe't hy by syn bedriuw oankaam naaiden de trije jonges krekt út yn in auto. Tolman sette tegearre mei de plysje de efterfolging yn. Eefkes letter koene de dieven oanhâlden wurde by Tsjalbert.