Van der Velde benaud foar ûnrest

© Omrop Fryslân
Hearrenfean foarsitter Riemer van der Velde is benaud foar ûnrest ûnder de supporters fanwege de kwestje Samaras. Hy ropt harren op om rêstich te bliuwen by de wedstriid fan kommende sneon tusken SC Hearrenfean en Sparta.
Georgios Samaras (20) wol graach nei it Ingelske Manchester City. Omdat de klubs net ta in akkoart komme kinne hat hy in arbitraazjesaak oanspand by de KNVB. De supporters nimme dat Samaras kwea ôf.