Holland Casino siket Croupiers

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter festiging fan it Holland Casino begjint ynkoarten mei it oanlûken fan persoaniel. Der wurde mei inoar 120 minsken socht dy't oan de slach wolle as croupier.
Croupiers binne de spullieders oan de blackjack- en roulettetaffels. Kandidaten krije foardat sy oan it wurk gean in oplieding fan dik trije moannen. It casino giet oan de ein fan dit jier iepen.