Rintje Ritsma bêste Fryske rider

© Omrop Fryslân
Rintsje Ritsma is de bêste Fryske reedrider dy't der ea west hat, Atje Keulen-Deelstra de bêste Fryske frou. Dat docht bliken út in fergeliking dy't in groep wittenskippers makke hat fan alle reedriders sûnt 1895.
De bêste reedrider fan alle tiden is de Amerikaan Eric Heiden. Bêste frou is de Dútske Gunda Niemann. Ard Schenk is by de manlju twadde en Rintsje Ritsma sânde. Atje is op it trettjinde plak ek de bêste Nederlânske.