Friezen wolle skiednis sjen

© Omrop Fryslân
In grutte mearderheid fan de Friezen fynt dat it Fries Museum yn Ljouwert fral omtinken jaan moat oan skiednis. Dat docht bliken út in ûndersyk dat it Fries Museum sels dwaan litten hat troch it buro Motivaction.
Oanlieding foar it ûndersyk binne de plannen foar in nij Fries Museum op it Saailân. Ut itselde ûndersyk docht bliken dat in soad Friezen noch neat witte fan dizze nije plannen. Mar in tredde part is dêr fan op de hichte.