Utwreiding FEC foar 10 miljoen

20 jan 2006 - 11:16

Evenemintesintrum FEC yn Ljouwert sil útwreidzje mei in nije hal en in opfallend hotel mei sa'n 90 keamers. It hotel komt yn in grutte toer, boppe de nije yngong fan FEC en World Trade Centre. It FEC wurdt troch de útwreiding it op fjouwer nei grutste beurzekompleks fan Nederlân.

It nije Holland Casino krijt ek in tydlik plak yn it FEC. It casino wol oer trije jier ferhúzje nei in lokaasje oan de râne fan 'e binnenstêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)