Aaisikersseizoen 8 dagen koarter

© Omrop Fryslân
It aaisikersseizoen wurdt mei 8 dagen ynkoarten; oant 31 maart. Troch de sykperioade yn te koartsjen tinkt de provinsje te foldwaan oan de easken fan de Raad van State. Dy hat in ferbod oplein nei it sykjen fan ljipaaien.
It útstel fan de provinsje is opmakke yn gearwurking mei it Bûn foar Fryske Fûgelwachtbeskermers. Neffens deputearre Andriesen is dit it bêst helbere resultaat. It adfys moat noch wol juridysk toetst wurde.