Baneferlies by Voerman Ljouwert

© Omrop Fryslân
De opfang fan de reorganisaasje by it ferhûsbedriuw Voerman International is fier ûnder de maat. Dat seit it fakbûn CNV. By de festiging fan it bedriuw yn Ljouwert ferlieze 8 fan de 20 minsken har baan.
Neffens it fakbûn is de ûntslachfergoeding te leech. Boppedat hiert it bedriuw nij personiel tydlik yn. Voerman hat neist de festiging yn Ljouwert noch 5 festigings. Mei elkoar wurde der 30 minsken ûntslein.