'Wiegel moat werom yn polityk'

© Omrop Fryslân
De Fryske VVD-fraksjes wolle graach dat Hans Wiegel weromkomt yn 'e lanlike polityk. De fraksjefoarsitter fan 'e VVD yn Alphen aan de Rijn hat 500 lokale VVD-ôfdielings oanskreaun mei ien simpele fraach: wolle jo Hans Wiegel werom as listlûker? De helte stjoerde in antwurd werom en 90 persint antwurde mei 'ja'.
De VVD'ers binne it deroer iens dat Van Aartsen wol kapasiteiten hat, mar dat charisma him ûntbrekt.