Van Hooijdonk kostet neat

18 jan 2006 - 18:09

Fuotballer Pierre van Hooijdonk mei fan syn klub NAC Breda transferfrij fuort nei Sportklub Hearrenfean of fjouwer oare klubs yn Nederlân. Dat hat syn klub NAC Breda juster sels bekend makke. Neist Sportklub Hearrenfean binne dat Ajax, Feijenoord, PSV en AZ.

De 36-jierrige Van Hooijdonk is net mear tefreden by syn klub. It nijs oer Van Hooijdonk komt op in momint no't nei Klaas Jan Huntelaar ek Georgios Samaras fuort wol nei Manchester City.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)