Nije ûntwerpoplieding by AOC

18 jan 2006 - 17:18
Foto: Omrop Fryslân

It AOC Friesland komt yn septimber mei in mbo-oplieding foar ûntwerpers en foarmjouwers. Natural Design, sa't de oplieding hjit, is bedoeld foar bern dy't aardichheid ha oan it ynrjochtsjen fan romtes. De natuer stiet sintraal as boarne fan ynspiraasje.

Nei fjouwer jier kinne de studinten oan 'e slach as stylist of foarmjouwer of fierder studeare oan in keunstakademy.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)